Ferkiezingsprogramma 2022 (Fries)

Foarwurd

Mei grutskens en oertsjûging presentearje wy ús ferkiezingsprogramm foar de kommende gemeenteriedsferkiezings fan 2022 ien Súdwest-Fryslân.

Wy wolle in partij wurde fan it folk en foar it folk binnen ús gemeentegrinzen.

In partij mei dúdlike stânpunten en mieningen yn dúdlike taal.

Us minsken dy’t de Folkspartij fertsjintwurdigje binne jong, âlder, man en frou. Se binne studint, húsfrou, ûndernimmer en pensjoneard, dus in goede ôfspegeling fan ús gemeentlike maatskippij.

Koartsein ek in partij foar de gewoane man, wêrby elts heard wurdt en by ús oanklopje kin.

Wy sprekke de winsk út dat jo massaal op ús stemmen gean… Fan ús kant sille wy der alles oan dwaan om foar jo belangen op te kommen.

Stim derom op de Folkspartij!

                                                                Gewoan om it ferskil te meitsjen!

Snel nei:

Soarch en sûnens

Wurk, ynkommen en ûndernimmerskip

Wenjen / leefberens platelân

Underwiis, kultuur en tradsysje

Boeren

Klimaat

Ferkeer en ferfier

Echte demokrasy

Wichtige tema’s en ûnderwerpen dy’t binnen ús gemeente spylje, moatte op foarhân foarlein wurde oan ús boargers. By dizzen pleitet de Folkspartij foar in referindum of folksrieplachting. Dit kin bygelyks fia in online platform op de gemeentlike webside. De miening fan de boarger moat hjiryn respektearre wurde, sadat der yn elts gefal sprake is fan draachflak en misstannen sa as by “de wynmûnen by Hiddem-Houw” foarkommen wurde kinne.

Punten dy’t wy wichtig fine yn in demokrasy binne bygelyks ek it kiezen fan in boargemaster. No wurde de moaie baantsjes ferdield tusken de regearende politike partijen. De boargers moatte harren eigen boargemaster kieze kinne.

Spearpunten

  • Folksrieplachting by wichtige tema’s
  • Keazen boargemaster

Soarch en sûnens

De hege kosten yn de soarch binne faak in reden foar minsken om soarch te mijen. Dit kinne we net akseptearje. De burokrasy yn de soarch kostet fergees te folle jild, is kleare tiidfergriemerij en draacht net echt by oan de echte soarch. Dit moat dus oars. Soarch moat foar elts tagonklik en betelber bliuwe.

Us âlderen dy’t Nederlân opbouwd hawwe meie wy net ferjitte. Troch harren soarch foar ús, binne we wurden wa’t we binne. Litte we dan ek goed foar harren soargjen bliuwe. De Folkspartij pleitet foar mear persoanlike soarch, mear âldereintehúzen en wykferpleechkundigen.

Konkreet wolle wy mear hannen oan it bêd, mantelsoargers stypje, iensumens oanpakke en fral mear nei elkoar omsjen. De Folkspartij sjocht graach dat dit in spesifike taak wurdt fan in ambtner.

De Folskpartij is ek fan miening dat sporten ûnder de jongerein stimulearre wurde moat en betelber bliuwe moat. Obesitas en it te swier wêzen fan jongerein kinne dan minder wurde. Ferplicht skoalswimmen en gymnastyk, troch erkende leerkrêften yn it basisûnderwiis, soe dêroan bydrage kinne. Dêrnjoken sjogge wy it skoalswimmen as libbensferlet, fral yn sa’n wetterrike gemeente as dy fan ús.

Krekt no moatte wy der foar soargje dat sikenhuzen net sletten wurde. De folkspartij is foarstannen fan in spesjaal “Corona sikenhús”, sadat reguliere soarch yn ús gemeente gewoan trochgean kin.

Speerpunten

  • Goede en betelbere soarch foar eltsenien
  • Oerstallich management, burokrasy en graaikultuur binnen de soarch oanpakke
  • Thússoarch net fierder ferskraalje
  • Mear wykferpleechkundigen
  • Persoanlike soarch foar âlderen
  • Sporten stimulearje, seker ûnder de jongerein
  • Sport ek betelber en tagonkelik meitsje foar de lytse beurs
  • Konkreet iensumens oanpakke
  • Gjin sikenhuzen slúte, earder noch in spesifyk corona sikenhús realisearje

Wurk, ynkommen en ûndernimmerskip

Wurk moat fansels de muoite wurdich wêze, moat motifearje en stimulearje. Jild wat men oerhâldt kin wer ynfestearre wurde en is goed foar de ekonomy. De regeljowing foar ûndernimmers moat omleech en dúdliker wêze. Undernimmers wurde faak bedobbe ûnder papierwurk, fergunningen en oare ferplichtings.

In minder iennommen hâlding fanút de amnters tsjinoer de lokale ûndernimmers is dan ek tige winsklik.

Wy wolle in gemeente dy’t har liniger en feksibeler opstelt tsjinoer de lokale ûndernimmers. Sy binne per slot fan rekken de “hoeksteen”  binnen ús gemeente en soargje foar wurkgelegenheid.

De Folkspartij is tsjin hege bonussen, “afzwaai-premies” en gouden hândrukken foar minsken dy’t al in hege en goedbetelle funksje ha of yn in kommissariaat sitte.

Dit stiet yn skril kontrast mei de hurdwurkjende boarger mei in leech ynkommen. Want ek binnen ús gemeente is in soad stille earmoed, wêrtroch grutte groepen minsken gebrûk meitsje moatte fan de “voedselbank”  of kringloopketens.

Súdwest-Fryslân is in wetterrike rekreaasje gemeente, wêr in soad toeristen nei trekpleisters komme as Hylpen, Warkum, Starum, Boalsert, Snits en Makkum. It mei lykwols net sa wêze dat de toerist sjoen wurdt as molk-ko.

Wy fine dat brêge-, slûs-, havenjilden en toeristenbelesting net ferhege wurde moatte om de gemeentlike begrutting op oarder te krijen.

Dit jild soe brûkt wurde moatte om de toerist noch mear service te bieden en net sa as yn Hylpen wêr douches en toiletten al in pear seizoenen ticht binne.

Speerpunten

  • Wurk moat leanend wêze.
  • Gjin ekstra bonussen foar “Hege Heren”.
  • Better ûndernimmersklimaat realisearje
  • Toeristen net brûke as molk-ko
  • Gjin brêge-, slûs-, havenjilden en toeristenbelesting brûke foar de begrutting

Wenjen / leefberens op it platelân

De Folkspartij fynt dat elts it rjocht hat op in betelbere wenning, sûnder jierenlange wachttiden.

Hierders moatte ek ynspraak krije kinne om harren hús nei eigen ynsicht te ferbouwen of te feroarjen. Bewennerspartisipaasje fine wy dêrom wichtig.

Hierwenninngen meie net ferkocht wurde oan “húskesmelkers” dy’t sadwaande in monopoly-posysje krije en de hierprizen omheech dogge.

Fierder fynt de Folkspartij dat we sjen moatte of wy mei de hjoeddeistige leechsteande panden noch bygelyks wenningen kreeere kinne.

De folkpartij wol ek graach dat doarpshúzen behôlden bliuwe, omdat dit faak in wichtig moetingsplak is foar de lytsere doarpen.

De Folkspartij is foar it bybouwen fan ekstra wenningen, mar wol mei it doel dat dit ornearre is foar de eigen ienwenners en net om de Rânestêd te ûntlêsten.

Speerpunten

  • Mear goedkeapere hier- en starterswenningen
  • Hierders hawwe it rjocht om útstellen te dwaan
  • Bewennerspartisipaasje
  • Wenningenbybouwe nei ferlet fan de ynwenners
  • Húzenmelkers oanpakke
  • Doarpshuzen behâlde en stimulearje
  • Undersyk nei leechstân fan panden

Underwiis, kultuur en tradsysje

Foar de Folkspartij is goed ûnderwiis hiel wichtig, want de jongerein hat de takomst. Ynfestearje yn goede skoalmasters fine wy needsaaklik om sa de bern optimale oandacht te jaan.

Oanpast ûnderwiis is krekt sa wichtig as basisûnderwiis, want elk bern fertsjinnet likefolle oandacht.

Musea binne prachtige boarnen fan keunst en ús kulturele erfguod en it is wichtig dat dit bewarre bliuwt. De gemeente moat in wichtige rol spylje yn it monumintenbelied en tafersjoch hâlde. De kulturele ynstellings moatte wol mear haren eigen broek ophâlde om net oan it ynfuus fan de oerheid hingjen te bliuwen.

Koartsein: de Folkspartij stiet foar it behâld fan ús tradysjes, kultuur en Fryske sporten.

Speerpunten

  • Ynferstearje yn ús skoalmasters
  • Passend ûnderwiis foar elts
  • Ynstellings winne harren eigen ynkomsten
  • Gemeente wichtig yn monumintenbelied
  • Foar behâld fan tradysjes en kultuur
  • Grutsk op Fryslân

Ferkeer en ferfier

De Folkspartij is foar in goede ynfra-struktuur.

De feiligens fan de minsken dy’t oan it ferkeer dielnimme stiet foarop. Feilige fytspaden binne dêrom needsaaklik. Guon diken binnen de beboude kom binne net feilich genôch foar skoalgeande bern. De Folkspartij soe graach mear feilige fyts- en rinpaden sjen wolle om de feiligens grutter te meitsjen.

Graach sjogge we dan ek mear regulier ûnderhâld op alle gemeentlike diken.

It Iepenbier ferfier moat goed berikber en betelber wêze. Minsken dy’t gjin auto of rydbewiis hawwe  moatte maklik tagong krije kinne ta it iepenbier ferfier. Tink bygelyks oan de âlderein dy’t min op’e gong binne of minsken sûnder rydbewiis. Dus gjin “strekken” fan buslinen om’e wille fan it elektrisifisearjen.

Speerpunten

  • Mear feilige fytspaden
  • Iepenbier ferfier berikber en betelber foar elts
  • Unfeilige ferkeersplakken oanpakke
  • Buslinen net “strekke”.

Klimaat

De Folkspartij is tsjin it “klimaatdrammen”. It is beskamsum dat wynmûnen en sinnegreiden sûnder draachflak binnen ús gemeente delsetten wurde. Dêrnjonken jowe wynmûnen in soad lûdsoerlêst en wurde omwenjenden konfrontearre mei slachskaad, sûnensklachten en wurde de wenningen minder wurdich.

Fierder is gjin rekken hôlden mei de oanfleanroutes fan trekfûgels dy’t hjir oerwinterje en foerasjearje wolle.

Ek binne wy tsjin sinnegreiden dy’t ta skea gean fan djoere natoer en lânbougrûn. Dit stiet heaks op it ynfieren fan biodiversiteit.

De Folkspartij soe it leafer ha dat sinnepanielen pleatst wurde op dakken fan fabrieken, oerheidsgebouwen en privewenningen.

De Folkspartij is mear foarstanner fan in enerzjymiks. Hjir soe jild foar frijmakke wurde moatte om ûndersyk te dwaan nei alternative enerzjyboarnen sa as bygelyks kearnenerzjy of thoriumsintrales.

De enerzjyprizen meie net oer de hege skuon rinne; it moat foar eltse ynkommensgroep betelber bliuwe.

Fierder sjogge we graach dat It IJsselmar net noch mear geweld oandien wurdt en binne we dan ek tsjin de sânwinning yn dat selde IJsselmar.

Speerpunten

  • Tsjin “klimaatdrammen”
  • Gjin foarstanner fan wynmûnen en sinnegreiden
  • Sinnepanielen eventueel op de dakken
  • Foar alternative enerzjy
  • Undersyk dwaan nei enerzjy-miks
  • Bist en natoer beskermje tsjinoer wynmûnen en sinnegreiden
  • Betelbere enerzjyrekken
  • IJsselmar yntakt hâlde

Boeren

De Folkspartij fynt dat we it foar de boeren opnimme moatte. Us boeren stean heech oanskreaun yn de wrâld om harren kennis en kunde, harren leafde foar de bisten en harren saakkundigens. Sy binne ús produsinten fan iten en sy behoede ús foar itenskrapte. Dus wat goed is moatte wy hoedzje.

Wat wy no sjogge is dat boeren, túnders en fiskers de skuld krije fan de útstjit fan Stikstof en Pfas. Sy wurde sjoen as boaiumfersmoargers, krije de skuld fan it weromrinnen fan de greidfûgel-populaasje, wurde ûnteigene of útkocht. Troch dit belied moat skylk it iten earne oars út de wrâld helle wurde. Hjirby kreeere wy no in probleem yn plak fan de al eardere oanwêzige oplossing. Earne oars iten weihelje bringt ekstra kosten mei har mei en dat sil de boarger fernimme yn har beurs. Dêrom seit de Folkspartij lit de boeren mei rêst, lit de boeren buorkje.

Speerpunten

  • Boer de wichtigste produsint fan iten
  • Boer net fierder beleste mei net nediche rigels
  • Sûnder boer gjin foer